Huitema: "Dútslân mei ús aaien samar net wegerje"

05 aug 2017 - 07:45

Dat guon Nederlânske aaien besmet binne mei in luzebestridingsmiddel mei foar Dútslân gjin reden wêze om alle Nederlânske aaien te wegerjen. Dat seit de Fryske Europarlemintariër Jan Huitema út Makkingea.

Huitema krijt signalen dat guon Dútske supermerken hielendal gjin aaien út Nederlân mear ferkeapje wolle. Dêr hat er fragen oer steld oan Eurokommissaris Vestager fan konkurrinsje.

Proteksjonisme

De Europeeske Uny hat ien mienskiplike merk foar lânbouprodukten. De grinzen samar slute foar aaien of in oar produkt kin net, seit Huitema.

Dútske supermerken meie wol in ûnderskied meitsje tusken feilige en ûnfeilige aaien, mar aaien wegerje allinnich mar omdat se út Nederlân komme fynt Huitema ûnakseptabel. Hy sjocht dat as 'proteksjonisme'.

Panyk

Huitema besiket de wichtige en grutte Dútske merk iepen te hâlden foar de eksport fan Nederlânske aaien. Dat is belangryk, want de plomfeehâlders hawwe it op dit stuit bysûnder dreech. Huitema is skrokken fan de grutte gefolgen fan de fypronylbesmetting foar de Nederlânske plomfeesektor.

It falt him ek op dat dat der yn de ferskate lidsteaten fan de Europeeske Uny hiel oars op reagearre wurdt. It probleem komt út België, mar dêr binne freed alle aaien feilich ferklearre, wylst der yn Nederlân sprake is fan panyk.

Trefwurden: 
aaien Jan Huitema Fipronil
(Advertinsje)
(Advertinsje)