Starteilân Snits krijt takom jier in nije pont

04 aug 2017 - 22:05

It starteilân yn de Snitser Mar krijt yn de simmer fan 2018 in nije rol-on-rol-of pont. De nije pont kin flugger hinne en wer farre en hat ek in gruttere kapasiteit as de hjoeddeiske pont. De nije pont is nedich, omdat de besteande pont de grutte besikersstream net oan kin op drokke dagen. Foarsitter Karst Doevendans fan de KWS makke dat freed bekend by de offisjele iepening fan de Snitswike.

Petear

De KWS is oer de nije pont yn petear mei de gemeente Súdwest-Fryslân. Beide partijen ferwachtsje dat se dêr meikoarten wol útkomme sille. Boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân befêstiget dat der petearen binne oer in nije pont. Apotheker neamde Snits yn syn taspraak 'de simmerhaadstêd' fan Noard-Nederlân.

Boelsma: 64e Skipper

Pieter Boelsma waard by de iepening fan de Snitswike útroppen ta de 64e Skipper fan de Snitser Pan. Boelsma is in betûft siler, sylcoach en skipsrestaurateur. Boelsma wie eins hielendal net fan doel om nei de iepening fan de Snitswike, omdat er nei it lotsjen fan it skûtsjesilen woe yn Grou. Op oantrunen fan syn frou wie er dochs mar nei de iepening fan de Snitswike gien. As farske Panskipper wie Boelsma ien fan de earste dielnimmers oan de floatskou, dy't foar it earst ôfnommen waard troch kommissaris fan de Kening Arno Brok.

(advertinsje)
(advertinsje)