Iepeningsjûn: skipper Berend Mink lid fan fertsjinste SKS

04 aug 2017 - 21:44

Skûtsjeskipper Berend Mink is freedtejûn beneamd ta lid fan fertsjinste fan de SKS. Hy krige hjirfoar by de tradisjonele lotting fan it SKS skûtsjesilen in spjeldsje opspjelde troch SKS-foarsitter René Nagelhout. Mink wie sûnt 1974 belutsen by it skûtsjesilen, en hat dit jier it beslút naam om op te hâlden as skipper. By de lotting is de startfolchoarder fan de earste twa skûtsjesyldagen fan takom wike bepaald.

Moandei wurdt der syld by De Feanhoop. Hjir begjinne D'Heale Moanne, Huzum en Ljouwert foarop. Op tiisdei is de lottingsfolchoarder oarsom, en meie Akkrum, Langwar en Starum op it wetter fan Earnewâld de earste trije startplakken besette.

(Advertinsje)
(Advertinsje)