Bosbergpaad Appelskea hat muoite mei swiere buien

05 aug 2017 - 08:30

It nije Bosbergpaad yn Appelskea kin swiere buien net oan: as it fûl reint, spielt it sân fuort dat dan op oare plakken wer foar oerlêst soarget. It probleem docht him benammen foar op it nij oanleine paad foar minsken yn in rolstoel. Nei de swiere buien fan it ôfrûne wykein ûntstienen sels grutte gatten njonken de betonplaten. De gemeente hat dy doe earst ôfset mei read-wite linten en de skea letter wersteld.

Der koe alert reagearre wurde om't der trije saneamde 'toermasters' oansteld binne, dy't as gasthear wurkje by de Bosberg-toer en fuort aksje ûndernaam ha. As de grûn wat ynklonken en begroeid is, moat de grutste problemen wol foarby wêze, sa is de ferwachting.

(Advertinsje)
(Advertinsje)