FNP: "Net genôch ynformaasje oer biofergister Koatstertille"

04 aug 2017 - 21:10

Der mist noch in soad wichtige ynformaasje oangeande de biofergister yn Koatstertille. Dat fynt de FNP yn de gemeenteried. Se hawwe dêrom fragen stelt oan it kolleezje, en wolle dat dizze mei spoed beäntwurde wurde. Dit hat benammen te krijen mei de kommoasje dy't de fergister yn it doarp Koatstertille feroarsaket. De partij wol ûnder oare de meast resinte miljeufergunning, boufergunning en boutekening fan it biofergisterplan ynsjen.

Ek wolle se in analyze dwaan litte nei de maatskiplike kosten en baten fan it plan. As de fragen net yn sân dagen beäntwurde wurde, sil de FNP in ynterpellaasje-debat oanfreegje.

(advertinsje)
(advertinsje)