Meiwurker en agint bedrige: 48-jierrige fertochte oppakt

© ANP
De plysje fan Ljouwert hat freedtemiddei in 48-jierrige fertochte oanhâlden foar bedriging. Dat barde op de Oostergowei yn de stêd. In meiwurker fan in opfangorganisaasje waard dêr troch de fertochte bedrige.
Doe't in plysje-agint yngripe woe, krige hy deabedrigings nei syn holle slingere. Dêrop waard de persoan oanhâlden. De plysje sil it ynsidint noch ûndersykje.