Van Dam tinkt dochs nei oer kompensaasje hinneboeren

04 aug 2017 - 17:34
Foto: De Streekboer

Steatssekretaris Martijn van Dam fan Ekonomyske Saken tinkt no dochs nei oer kompensaasje foar hinneboeren dy't troffen binne trochdat der in bestridingsmiddel yn de aaien siet. Dat seit bestjoerder Peter de Jong fan it fakbûn CNV. Hy hie him der lilk oer makke dat der net sa'n kompensaasjeregeling wie.

As boeren gjin ynkommen hawwe, omdat se de aaien net ferkeapje kinne, wylst de kosten foar fretten wol betelle wurde moatte, duorret it net lang foardat de beurs leech is, seit er. Begjin dit jier is de hinnesektor ek al troffen, doe troch de fûgelgryp. It ryk hat dupearre boeren doe wol kompensearre.

(advertinsje)
(advertinsje)