Alde Dokkumer moerbeibeam jout Dokkumer moerbeien

04 aug 2017 - 17:20

Wa´t wol gau ris troch de binnenstêd fan Dokkum rint, is der sûnder twivel wolris delkaam: de moerbeibeam op it pleatske njonken de Grutte Tsjerke. Deun njonken de tsjerke stiet dy bysûndere beam der al mear as 250 jier. Om krekt te wêzen waard de moerbei yn 1750 oanplante neist it tsjerkegebou. De Grutte Tsjerke stie der doe alwer in skoft, dy waard nei it ferdriuwen fan de Spanjerts yn de Tachtichjierrige Oarloch ferboud ta de hjoeddeiske foarm.

Bloeitiid

Yn de maitiid hat de âlde moerbeibeam yn 'e bloei stien. Dizze dagen binne Dokkumers Jur Raatjes, eigener fan restaurant De Abdij van Dokkum, en frijwilliger Sjouke elke dei wol in pear oeren mei de beam dwaande. Sy sammelje de fruchten fan de bysûndere moerbeibeam, wêrnei't se brûkt wurde yn de neigesetsjes en de cocktails fan it restaurant.

''We hebben er een vangnet onder geplaatst'', fertelt eigener Jur Raatjes. ''We mogen de takken van de bijzondere boom niet aanraken en verzamelen nu op deze manier de vruchten. Het is monnikenwerk, elke dag zijn we er een paar uur mee in de weer.''

Liket op de framboas

Frijwilliger Sjouke wurket al in skoft mei de moerbeibeam. ''Ik haw der hiel wat aardichheid oan'', fertelt er. ''It is prachtich moai om mei de beam te wurkjen. De smaak fan de fruchten? It liket wol wat op in framboas, mar dan noch wat sterker. It smakket hearlik!''

Yn it restaurant meitsje se der ûnder mear neigesetsjes fan. Sjef-kok Martin fan de Abdij fynt it prachtich om mei de frucht te wurkjen. ''Het is heel speciaal. De moerbei is natuurlijk maar een beperkte periode per jaar te verkrijgen. Ze zijn erg lekker, we maken er hier bijvoorbeeld bavorois of crème van. Ook de moerbeiensorbet is erg bijzonder van smaak.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)