Frou út Stynsgea (21) de sel yn foar belutsenheid gizeling

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In 21-jierrige frou út Stynsgea moat in jier de sel yn foar har belutsenheid by in gizeling en mishanneling. Se krige ek noch 6 moanne sel ûnder betingst. De frou hat mei twa ynwenners út Drachten in 26-jierrige ynwenner fan Almelo gizele, bedrige en mishannele. De Almeloër hie in sjalet hierd fan de frou út Stynsgea. Doe't de man de hier en boarch net betelje woe naam de fertochte it heft yn eigen hân. Tegearre mei de man út Drachten bruts se de sjalet iepen en hellen se it guod fan it slachtoffer fuort. Doe't dy syn spul wer ophelje soe, rûn it út de hân. De frou út Drachten bedrige it slachtoffer mei in mes, nei't se al syn autobannen trochsnien hie. De twa Drachtster fertochten namen de man dêrnei mei yn in auto, dêr't er mei fjoerwapens bedrige waard. It slachtoffer koe úteinlik ûntsnappe, en him melde by de plysje.
De rjochtbank nimt it de frou út Stynsgea kwea ôf dat sy nea ôfstân naam hat fan it geweld fan de Drachtsters. Se wie derby doe't it slachtoffer bedrige en mishannele waard. Ek hat sy neffens de rjochtbank it inisjatyf ta ynbraak naam. De frou út Drachten krige in selstraf fan 24 moanne, wêrfan acht ûnder betingst. De manlike fertochte út Drachten moat noch foar komme.