Wa helpt Trienke de 'Repose' te finen?

04 aug 2017 - 15:59

Al in pear wiken is Trienke van der Kuur fan Boelensloane op syk nei de Repose: de boat dy't har skoanheit 40 jier lyn boude. Yn septimber is der in famyljedei en dan soe skoanheit, dy't no yn de 80 is, noch hiel graach ris yn de boat farre wolle. De oprop fan Trienke op Facebook is rom 500 kear dield, mar de gouden tip hat it noch net opsmiten.

Ut it each ferlern
Yn 1992 of 1993 is de boat ferkocht oan minsken út Ljouwert. Dêrnei is de skoanfamylje fan Trienke de boat út it each ferlern. Trienke wit dan ek net goed wêr't se sykje moat en hopet dat oare minsken har helpe kinne.

Kenmerken
De Repose (mooglik hyt it skip no oars) is in kajútjacht fan 12 meter lang. It skip wie oarspronklik bêzje mei brún. Yn de punt is in twapersoansbêd te finen en achteryn ek noch twa twapersoansbêden. Oan de rjochterkant is in keukentsje en húske. Fierder is der in tafel dy't delklapt wurde kin, en ek by de útgong fan de boat binne noch twa sels makke bysettafels dy't ek ynklapber binne.

Minsken dy't tips hawwe kinne maile nei trienkevanderkuur@gmail.com.

(Advertinsje)
(Advertinsje)