Grinslanner boeren binne benaud foar Frysk guozzebelied

04 aug 2017 - 15:53
Foto: Henk Bootsma

It guozzebelied yn Fryslân soarget foar noed yn Grinslân. De Partij voor de Dieren yn de buorprovinsje tinkt dat it Fryske belied grutte gefolgen hawwe kin foar Grinslân. Yn Fryslân meie sa'n 200.000 ekstra guozzen sketten wurde, sa is krektlyn besletten. De PvdD tinkt dat de Fryske guozzen hjirtroch nei Grinslân flechtsje sille.

Om't de Grinslanner boeren dêr dan lêst fan krije sille, wolle sy mooglik yn de takomst ek mear op de fûgels jeie. Neffens fraksjefoarsitter Kirsten de Wrede is it foarnimmen fan Fryslân 'buitensporig'. Yn Grinslân wurde alle jierren sa'n 10.000 guozzen ôfsketten.

(advertinsje)
(advertinsje)