Beller bedriget meldkeamer

31 maaie 2012 - 10:32
Meldkeamer Drachten

In 45-jierrige man út Eastermar is woansdei oanhâlden foar bedriging. Hy hie de meldkeamer fan de plysje opbelle en doe swiere bedrigings utere. Hy sei boppedat dat er in fjoerwapen hie.

In arrestaasjeteam hat de man thús oppakt. Der waard gjin fjoerwapen fûn. De man sil help krije fan Maatskiplik Wurk.

Trefwurden: 
meldkeamer
(Advertinsje)
(Advertinsje)