Toeristen yn Frjentsjer ferwolkomme mei spesjale tas

04 aug 2017 - 15:22
Foto: Gemeente Frjentsjerteradiel

Wettersporttoeristen dy't dizze simmer Frjentsjer oandogge, krije in spesjale 'wolkomstas'. Yn de tas sit ynformaasje oer Frjentsjer en omjouwing. It doel fan de tas is om de toeristen in dei langer yn Frjentsjer fêst te hâlden. Earder dizze moanne is it projekt Waddenpoort yn de stêd oplevere.

Hjiryn binne ekstra oanlisplakken en bettere foarsjenningen oanlein foar de wettersporttoeristen dy't de stêd oandogge. De wolkomstas wurdt útdield troch de havenmaster. Wethâlder Caroline de Pee krige freed de earste.

(Advertinsje)
(Advertinsje)