Omwenners akwadukt Drachtsterwei betanke mei lunsj

04 aug 2017 - 13:00

De tunnelbuis fan it nije M.C. Escherakwadukt yn Ljouwert stie freedtemiddei fol mei lange tafels mei hamburgers, al dan net fegetarysk. Omwenners fan de Drachtsterwei wiene troch de gemeente útnûge foar in lunsj yn it akwadukt. Se hawwe de lêste jierren in soad oerlêst hân fan de wurksumheden dy't nedich wiene foar de oanlis fan it akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal troch. Dy wurksumheden rûnen ek nochris hast twa jier út fanwege allerhane tsjinslaggen ûnder it wurk. Sa kaam de oannimmer by it ynskowen fan de daamwanden dikke balstiennen tsjin en wie de ûndergrûn folle hurder as earder fan út gien wie.

Kommend wykein is de dyk de stêd yn ôfsletten foar de lêste wurksumheden. Ferkear kin fan moandei ôf de stêd yn fia it akwadukt. Nije wike wurdt de dyk de stêd út oanpakt. Fytsers en kuierders moatte wachtsje oant ein augustus foar't sy it akwadukt brûke kinne. Foar de omwenners is de oerlêst noch net hielendal foarby, want de oannimmer hat dan noch sa'n acht wiken wurk om de âlde Drachtsterbrêge te slopen. En ek hjir moatte nije daamwanden komme.

(advertinsje)
(advertinsje)