Skoalbern Littenseradiel biede Ljouwert keunstwurk oan

04 aug 2017 - 12:53

De nije gemeente Ljouwert krijt in bysûnder kado. It giet om in keunstwurk fan filt, dat makke wurdt mei help fan 370 basisskoallelearlingen út de doarpen yn Littenseradiel. Op 1 jannewaris gean dy tsien doarpen op yn de nije gemeente Ljouwert. Eins fine de doarpen harren sels al in kadootsje foar de stêd, mar se jouwe der dus ek noch wat ekstra's by.

It keunstkado hat lykwols ek in boadskip. De doarpen drukke yn it keunstwerk út dat se graach har 'eigenheid' behâlde wolle en dat se rekkenje op respekt fan de stêd foar in plattelân. It grutte filt-keunstwurk is in inisjatyf fan keunstner Truus Huijbregts fan Baard en wurdt takom maaitiid oan de nije gemeente oanbean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)