Lêst fan snoarkjen? Keapje in ananas!

Altyd al witte wollen hoe'st fan it snoarkjen ôf komme moast? De oplossing is hiel simpel: set in ananasplant op dyn sliepkeamer!
Túnsintrum Intratuin yn Drachten pleatste ûndersteand berjocht op Facebook en krige tûzenen reaksjes. In soad minsken sjogge wol heil yn de plant as anti-snoarkmiddel.
Mar it is net samar in reklamestunt. De plant kin wol deeglik foar in bettere nachtrêst soargje. "De ananasplant geeft, in tegenstelling tot andere planten, niet alleen overdag zuurstof af maar ook 's nachts," seit Harm de Boer fan it túnsintrum. "Dat helpt mensen die last hebben van slaapapneu en snurken." Sels hat De Boer it lykwols nea úttest. "Ik snurk niet, dus voor mij is dat niet nodig."
Nettsjinsteande it grut tal reaksjes op Facebook, is der noch gjin 'run' op de planten ûntstien by it túnsintrum. Beide soarten binne noch op foarried en kostje 9,99 euro it stik.