Gjin jild boargerwacht St. Nyk

31 maaie 2012 - 10:15
Foto: Douwe Boersma/Omrop Fryslân

De gemeente Skarsterlân wol de boargerwacht yn St. Nyk gjin jild jaan. Dat hat boargemaster Looman woansdei yn de riedsgearkomste sein. De boargerwacht hie in bedrach fan 1100 euro yn 'e moanne oan subsydzje oanfrege. Dêrmei moatte de auto's en wurkklean betelle wurde. Neffens Skarsterlân is it lykwols net de taak fan de gemeente om soksoarte inisjativen te beteljen.

Earder liet korpsbehearder Crone him ek al yn deselde wurden út. Sawol gemeente as plysje binne wol posityf oer de St. Nykster boargerwacht.

De boargerwacht yn St. Nyk wurket no mei frijwilligers.

Trefwurden: 
Boargerwacht
(advertinsje)
(advertinsje)