Tipjild yn fermissingssaak

31 maaie 2012 - 10:07

Justysje komt mei in beleanning fan 10.000 euro foar de gouden tip dy't liedt ta de oplossing fan de fermissing fan Michael de Vrieze út Boerum. Hy wurdt sûnt 10 april 2010 fermist. De plysje hâldt der sterk rekken mei dat er troch in misdriuw om it libben kaam is.

Der is in 35-jierrige fertochte út Turkije oanhâlden yn 'e saak. It ûndersyk is yn folle gong, mar it lichem fan De Vrieze is noch altyd net fûn. Nei alle gedachten is De Vrieze yn in hûs yn Grins om it libben brocht.

De fermissing fan De Vrieze kaam destiids yn it nijs, omdat syn skaakklup út Bûtenpost alarm sloech.

Trefwurden: 
Michael de Vrieze
(Advertinsje)
(Advertinsje)