Kollum: "Seks"

04 aug 2017 - 08:24
  • De Toan fan Hilda Talsma

"Hjoed wol ik it efkes oer seks ha, dus de radio kin wol wat lûder. Ik mei der graach oer skriuwe. Yn Frisum wennet bygelyks Betty Blubber. Eltsenien rabbet oer har mar se ferfolt al in sosjale funksje as bygelyks de frou fan Jan swanger is en hy fynt dat er te min oandacht krijt. Dan makket er wol gebrûk fan Betty har tsjinsten. As syn dochter berne is, hat er dêr bot spyt fan. Hy fynt dat er in man wurden is dy’t er te min foar syn eigen famke fine soe.

Yn Frisum dogge se it oeral. Bushokje, picknicktafel, achter de feesttinte, in âlde hutte, it oanrjocht, yn it hea, keatshokje, trio yn in hottub. Se fine fan alles út en dat is hiel dreech om te beskriuwen want it moat ek noch klopje. Hindrik docht it ek gauris mei Betty en seit dat guon froulju krekt  goedkeape stofsûgers binne. Mear lawaai as sûchkrêft.

Brekber giet oer in jongfaam mei in foarm fan autisme. Se begrypt mear fan hynders as fan minsken. Se hat al ferkearing mar de seks fynt se earst sa nuver. Dat giet der wer hiel oars oan ta as yn Frisum. De Wyn-trilogy beskriuwt de simmers yn Fryslân en it skûtsjesilen. Dat betsjut sorbetseks en aksje yn it achterûnder. En as de frou fan de skipper yn in dip sit, is hy net te beroerd om har alle hoeken fan ‘e sliepkeamer sjen te litten sadat sy ek wer op dreef komt.

Puber Marte stiet yn ‘Slangen ûnder it bêd’ noch oan it begjin fan de reis. Dat is oars as skriuwe oer folwoeksenen mar ek moai. Dochs skriuw ik it leafst oer maffe persoanaazjes dy’t yn aparte sitewaasjes telâne komme. Der binne minsken dy’t myn boeken net lêze omdat it harren te mâl giet, wylst oaren it wol lije meie. Ik fyn sels dat it wol wat tafalt. Ik ha gjin muoite mei seks, mar betiden krij ik wolris plakferfangende skamte fan hoe’t der yn ús maatskippij mei omgien wurdt.

Nim no de reklame  foar ‘Second Love’. Kinst dy fergees ynskriuwe om stikem frjemd te gean. As ik soks hear of lês, dan wurd ik al beroerd. Frjemdgean is fan alle tiden en sil altyd barre mar om dêr no reklame foar te meitsjen? Ik tink by soks altyd oan de bern fan âlden by wa’t it net sa krekt komt. It is no sa simpel as it mar kin. As eat keapje by de Wehkamp. Foar tsien oere moarns bestelle en jûns yn hûs. Je hoege der amper mear muoite foar te dwaan.

Mar dan tink ik oan de útspraak fan Jan. In man te min foar syn eigen dochter. Ik freegje my ôf wat dy frjemdneukers sizze as harren bern leafdesfertriet ha. ‘Ach leave, meitsje dy mar net sa drok, dat jout dochs neat. Heit snipt ek regelmjittich in oar.’ En mem hat ek gjin tiid want sy hat it drok mei in jonge fan in jier of 25. Dat is hip, ha‘k lêzen.

Nee, dan Sjoerd út Frisum. Hy bedarret mei twa gleone froulju yn syn hottub en is de kening te ryk. Oant er derachter komt dat syn hûn noch gjin iten hân hat. Hy jout de hûn fretten mar dan begjint studio sport eins ek. Dat hy seit tsjin ‘e froulju dat se wol in bakje kofje drinke kinne en lit harren yn fertwiveling achter.

Sjoch, dêr mei ik wol oer want je moatte prioariteiten stelle yn it libben. En ik ha gjin tiid om achter oaren oan te fleanen. Ik ha it al drok genôch mei myn persoanaazjes."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)