Njoggende flintertelling set freed útein

Freed begjint de lanlike flintertelling. Oant en mei snein kin eltsenien flinters yn de tún telle en trochjaan oan de Vlinderstichting. Jierliks dogge sa'n 10.000 minsken mei oan de telling. Ferline jier waard de Atalanta it measte teld.
De flintersoarten en de oantallen dy't minsken telle, kinne se trochjaan fia de webside Vlindermee.nl. Dêr is ek in handige kaart te downloaden mei dêrop plaatsjes fan de flinters dy't it measte foarkomme yn Nederlân. De útkomsten fan de telling wurde brûkt as yndikator om te sjen hoe't it mei de natuer giet.
Flinterwurkgroep Fryslân makket in atlas, dy't yn 2020 ferskine sil. Dêryn stiet per fjouwerkante meter oanjûn hokker flinters dêr foarkomme. Yn 2000 kaam der ek al sa'n atlas út. Dêrmei hat de Fryske flinterwurkgroep goed fergelikingsmateriaal.