Utspraak koart pleit swimbad

31 maaie 2012 - 10:01
Foto: Omrop Fryslân, Geale Groen

Swimbad Schatzenburg yn Menaam moat binnen 14 dagen wer iepen. Dat hat de rjochter bepaald yn in koart pleit. Ekspoitant Van Booma hat in skeel mei de eigeners en de gemeente. Van Booma seit dat er de liedings net mear fertrout nei graafwurk troch de gemeente. Hy doar gjin wetter yn it bad rinne te litten. It swimbad is noch altyd net iepen.

De gemeente moat no in ûndersyk dwaan litte, seit de rjochter. Is der wat mis, dan moat de gemeente de reparaasjekosten betelje. Is der neat mis, dan moat it bad oer in pear dagen wer iepen.

Giet it swimbad net oer 14 dagen wer iepen, dan moatte de eigenaren 5000 euro per dei betelje, mei in maksimum fan in ton.

Trefwurden: 
Schatzenburg
(Advertinsje)
(Advertinsje)