Oranjefroulju yn finale EK nei winst op Ingelân

03 aug 2017 - 22:44

De Oranjefuotbalfroulju binne troch nei de finale fan it EK yn eigen lân, nei de 3-0 winst op Ingelân. Ald-SC Hearrenfeanspylster Vivianne Miedema iepene de skoare. Mei dy stân giene de ploegen it skoft yn.

Nei in oere spyljen makke Daniëlle van de Donk de 2-0 yn de Grolsch Veste yn Enschede. Yn de lêste sekonde fan de ferlinging tekene Lieke Martens foar de tredde goal. Sy skeat de bal tsjin in Ingelske spylster, dy't de bal yn eigen goal wurke. Oranje spilet snein yn de finale tsjin Denemarken, dat tongersdei mei penaltys fan Eastenryk wûn. Earder dit toernoai wûn Oranje mei 1-0 fan Denemarken.

(advertinsje)
(advertinsje)