Diel Boarkumer Stiennen beskerme en ferbean foar fiskerij

04 aug 2017 - 06:22

In gebiet fan sawat 110 fjouwerkante kilometer benoarden Skiermûntseach kriget in beskerme status. Dêr mei net mear fiske wurde. Dat is sa ôfpraat yn in fiskerijakkoart. It nije beskerme gebiet is ûnderdiel fan wat de Boarkumer Stiennen (Borkumse Stenen) hjit yn de Noardsee.

Stichting De Noordzee, stichting Duik de Noordzee Schoon en natuerbeskermingsorganisaasje Oceana hawwe dêr de ôfrûne tiid in dûkekspedysje hâlden. Se woene sa yn kaart bringe hokker diel it bêste beskerme wurde kin. De organisaasjes hiene nei in ekspedysje yn 2016 pleite foar in beskerme status.

(Advertinsje)
(Advertinsje)