Robbert te Loeke nei Veendam

31 maaie 2012 - 09:51
Foto: Foto: Omrop Fryslân (Dirk-Jan Haarsma)

Keeper Robbert te Loeke hat in kontrakt tekene by SC Veendam. It ôfrûne seizoen keepte hy noch foar Sportklup Cambuur, mar dêr woe hy syn kontrakt net ferlinge. De keeper wie nei eigen sizzen ta oan in nije útdaging. Te Loeke hat foar ien jier tekene by Veendam, mei in opsje foar noch in jier.

By Veendam treft hy de Fryske keeper Theo Timmermans, dy't de oerstap makket fan Snits Wyt Swart nei it betelle fuotbal. Te Loeke keepte dit seizoen 18 wedstriden foar Cambuur, troch in blessuere fan Marco Bizot.

Trefwurden: 
SC Cambuur
(Advertinsje)
(Advertinsje)