Monumintale Oosterbrêge yn Harns klear nei renovaasje

03 aug 2017 - 20:37
De brêge is wer tagonklik foar ferkear nei renovaasje - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

De Oosterbrêge yn Harns kin wer brûkt wurde. De brêge hat der lange tiid út lein omdat er opknapt wurde moast. De renovaasje duorre langer en wie tsientûzenen euro's djoerder as ynearsten tocht. De reden wie dat der mear wurk oan dien wurde moast as ferwachte. De monumintale brêge út 1908 leit oer de Súdeastersingel.

Earder al waard de Frjentsjereinbrêge ek al opknapt. De Singelbrêge is de tredde brêge dy't restaurearre wurdt. De brêgen lizze yn de Alvestêdefarrûte. Eigener fan de brêgen is de Monumentestichting Harns. Dy kriget provinsjale subsydzjes foar de restauraasje fan de brêgen.

Trefwurden: 
Oosterbrêge Harns
(Advertinsje)
(Advertinsje)