Wettersteuring yn súdeasten fan Fryslân

03 aug 2017 - 20:26
Gjin of net folle wetter út de kraan yn súdeastlik Fryslân fanwege steuring - Foto: Omrop Fryslân

Troch in technyske steuring yn it pompstasjon by Aldeholtpea hawwe bewenners fan de doarpen yn de omkriten gjin wetter of mar in bytsje druk op de wetterlieding. De steuring is ûnder oare te fernimmen yn Wolvegea, De Gordyk, Blesdike, Aldeberkeap, Ketlik en Beetstersweach.

Monteurs fan wetterliedingsbedriuw Vitens binne dwaande de steuring te ferhelpen.

Trefwurden: 
wetterlieding steuring Vitens
(Advertinsje)
(Advertinsje)