MCL-meiwurkers ek drager MRSA-baktearje

03 aug 2017 - 19:10

Njonken de seis poppen hawwe ek twa meiwurkers fan it MCL yn Ljouwert de MRSA-baktearje by harren. Dat seit wurdfierder Frits Mostert fan it sikehûs. It is net dúdlik oft it yn alle gefallen om deselde baktearje giet. Ien op de hûndert minsken is drager fan de MRSA-baktearje. By sikehûspersoniel leit dat persintaazje noch krekt wat heger.

De meiwurkers dy't de baktearje ûnder de lea hawwe, meie de kommende tiid net oan it wurk op de berne-ôfdieling. Earst moatte se fan de baktearje ôf. Dat kin wol in pear wiken duorje, seit Mostert. Hy seit ek dat de meiwurkers net siik binne. Se fernimme neat fan de baktearje.

De âlden fan de MRSA-poppen binne bot skrokken. Guon binne der tige emosjoneel ûnder, seit Mostert. De poppen binne - lykas de meiwurkers - net siik fan de baktearje, seit er, mar se lizze net foar neat yn it sikehûs.

De hiele berne-ôfdieling moat ûntsmet wurde. Dêrom wurde de bern dy't net nei hûs kinne nei in oar sikehûs brocht. De kûveuze-ôfdieling begjint stadichoan leech te rinnen. Der lizze no noch mar in pear poppen.

Trefwurden: 
MRSA-baktearje MCL
(Advertinsje)
(Advertinsje)