Ljouwert: 2 ton foar KH2018

31 maaie 2012 - 08:21

Mei in mearderheid fan 20 foar en 16 stimmen tsjin is de Ljouwerter gemeentrie justerjûn let akkoart gien mei it foarstel 200.000 euro út te lûken foar Ljouwert as Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018. De stêd moat as gadingmakker foar de ferkiezing mei plannen komme en dy plannen kostje jild. De provinsje wol bêst meibetelje, mar dan moat de Ljouwerter polityk wol ree wêze om sels jild frij te meitsjen foar it projekt.

Deputearre Jannewietske de Vries is tige wiis mei it beslút fan de gemeenteried fan Ljouwert.

Yn septimber moat net allinnich mear dúdlik wêze oer wat Ljouwert docht as de stêd Kulturele Haadstêd wurdt, mar ek hoe't dat betelle wurdt en troch wa. Dêrnei nimt de gemeenterie in definityf beslút.

(Advertinsje)
(Advertinsje)