Auto skampt beam en bedarret yn de sleat by Finkegea

Auto yn de sleat by Finkegea nei't er in beam skampt hat © De Vries Media
Op de Westvierdeparten by Finkegea is tongersdeitemiddei in auto yn de sleat bedarre, nei't de bestjoerder in beam skampt hie. De bestjoerder en in jonkje yn de auto koene sels út de auto wei komme. Se binne kontrolearre troch meiwurkers fan de ambulânse. It dûkersteam fan de brânwacht waard yn earste ynstânsje oproppen om't de hûn net út de auto komme koe, mar úteinlik hoegden de dûkers net yn aksje te kommen.
De oarsaak fan it ûngelok wurdt noch ûndersocht. Neffens tsjûgen ried de auto slingerjend oer de dyk.