'Mear publisiteit alkoholslot'

30 maaie 2012 - 22:19

De oerheid hie mear publisiteit jaan moatten oan de ynfiering fan it alkoholslot. No't dat net bard is, witte minsken net hoe grut de gefolgen wêze kinne as je mei tefolle alkohol op achter it stjoer krûpe. Dat is de krityk fan advokaat Tjalling van der Goot.

In 41-jierrige Fries krige as earste sa'n slot oplein, mar makke beswier en dy saak rint noch altyd. De man ferliest syn baan as hy mei in alkoholslot ride moat. Van der Goot fynt dat de oerheid stekken falle litten hat yn de foarljochting oer it slot. Dat waard op 1 desimber ynfierd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)