Kroechbaas It Pypke moat kaaien ynleverje by ferhierder

03 aug 2017 - 17:30
It Pypke yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

De kastlein fan kafee It Pypke yn it sintrum fan Harns moat op koarte termyn de kaaien fan it kafee ynleverje. Dat hat de rjochtbank bepaald yn in saak dy't ferhierder Grolsch tsjin him oanspand hie. Neffens de ferhierder hat de kastlein al mear as in jier de hier fan it kafee net betelle. Ek hat er it kontrolearjen fan de brânfeiligens yn de ôfrûne oardel jier net tastean wollen.

Yn 2015 rekke it Pypke swier skansearre nei in brân. De fersekering wegeret de ynboel te fergoedzjen omdat der gjin sprake wie fan in adekwate kontrôle op de brânfeiligens. Dat soe ien fan de redenen wêze wêrom't de kastlein de hier al mear as in jier net betelje wol.

It Pypke moat no fan de rjochter binnen fjouwer wike nei it offisjeel bekend meitsjen fan it fonnis ûntromme wurde. De ferhierder soe al in nije kroechbaas foar it kafee hawwe. De kastlein wie net berikber foar kommentaar. It is net dúdlik oft it kafee de kommende dagen noch iepen is.

Trefwurden: 
It Pypke kroechbaas
(Advertinsje)
(Advertinsje)