HT-race start mei 130 skippen

30 maaie 2012 - 20:59

Yn Harns set tongersdeitemoarn de jierlikse HT-race wer útein. Dat is in sylrace fan Harns nei Skylge en werom. Tongersdei om healwei njoggenen starte 130 sylskippen yn acht ferskate sylklassen. Op de earste dei sile de skippen nei Skylge. Freed sile se fan Skylge werom nei Harns.

De wedstrydkommisje yntrodusearret dit jier in tredde rûte yn de race. Dêrtroch moatte skippen op it lêste momint beslute hokker fan dy trije rûtes se kieze. Dat moat mear spanning yn de wedstryd bringe. De priisútrikking is freedtejûn yn Harns.

Trefwurden: 
sylrace HT-race
(Advertinsje)
(Advertinsje)