FIDEO: Noch ien kear yn in reade Daf

03 aug 2017 - 16:40

Hast 100 jier is se en har grutte winsk wie om nochris mei in reade Daf lâns plakken fan eartiids te riden. Want frou Oreel út Hallum hie eartiids sels sa’n Dafke. De soarchynstelling dêr’t se wennet hie dêrom in oprop op Facebook setten. Dat smiet in protte reaksjes op en in reade Daf. Tongersdei koe har winsk yn ferfolling gean. Yn in reade Daf ried frou Oreel lâns de plakken dêr’t se ea wenne hat, ûnder oaren Rie, Hallum en Ferwert.

Trefwurden: 
winsk Hallum daf
(Advertinsje)
(Advertinsje)