Nije fuotbalklup foar Harns

De trije fuotbalklups fan Harns moatte opgean yn ien grutte fuotbalklup. Dat is alteast de fyzje fan de trije bestjoeren fan de klubs. It giet dan om fuotbalklups Harlingen, Robur en Zeerobben.
It giet net om in fúzje, om't de bestjoeren in folslein nije klup oprjochtsje wolle, mei in nije namme, in nij logo en nije statuten. De bestjoeren hawwe de fyzje yn gearwurking mei de gemeente ûntwikkele. De klups wolle sa jild besparje. Op 20 juny praat de gemeenteried oer de fyzje.