Plomfeebedriuw Pietersma yn Sondel wol útwreidzje

03 aug 2017 - 16:16

It plomfeebedriuw fan Freerk Pietersma fan Sondel grypt de iepen dei fan boeren yn syn regio tongersdei oan om útlis te jaan oer de útwreiding dy't it bedriuw realisearje wol. Pietersma hat al jierren plannen foar in nije stâl, mar fûn de omwenners op syn paad. Yn oerlis mei har hat er in oplossing betocht, dy't foar de measte omwenners ek akseptabel is, sels dy op it neistlizzende rekreaasjepark.

Pietersma wol tagelyk mei de útwreiding maatregels nimme tsjin stank en fijnstof. Mar behearder Ed Landman fan rekreaasjepark Sondel hat dêr gjin betrouwen yn en bliuwt beswier meitsjen. En sadwaande nûge Pietersma eltsenien noch mar ris út foar de iepen dei. Landman liet him dêr net sjen, want hy wol net provosearje, sa seit er.

(Advertinsje)
(Advertinsje)