Moandeitemoarn earste auto's troch akwadukt Drachtsterwei

03 aug 2017 - 15:54

Op moandeitemoarn 7 augustus giet it earste ferkear troch it akwadukt by de Drachtsterwei yn Ljouwert. Moandei wurdt de eastlike rydbaan foar it ferkear dat Ljouwert yn wol feestlik yn gebrûk nommen. In lytse optocht mei weinen fan helptsjinsten en bedriuwen út de omjouwing giet om 08.45 oere as earste troch it akwadukt. 

Fan moandei 14 augustus ôf kin ek it ferkear de stêd út troch it nije akwadukt ride. De offisjele iepening fan it Escherakwadukt is op 31 augustus. Fan dy dei ôf kinne ek fytsers en fuotgongers troch it akwadukt. 

Trefwurden: 
akwadukt Drachtsterwei
(advertinsje)
(advertinsje)