KwadrantGroep 'bot fernuvere' oer hurdere aksjes FNV

03 aug 2017 - 15:42

De KwadrantGroep is bot fernuvere oer de oankundiging fan hurdere aksjes troch fakbûn FNV. Neffens de KwadrantGroep binne de aksjes foarbarich om't der foar 16 augustus noch in ôfspraak tusken de soarchynstelling en de fakbûnen yn de aginda stiet. Dan wurdt praat oer maatregels om de wurkdruk te ferminderjen, de grutste klacht fan de meiwurkers.

Neffens foarsitter Roelof Jonkers fan de ried fan bestjoer hawwe se op 18 july in goed petear hân mei de fakbûnen en guon meiwurkers. Der wurdt no hurd wurke om de ôfspraken dy't doe makke binne, fêst te lizzen. De oankundige aksjes fynt hy 'net te begripen'.

Trefwurden: 
Kwadrantgroep FNV
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)