200 oeren wurkstraf easke tsjin Drachtster autokreaker

03 aug 2017 - 15:23

In autokreaker (22) út Drachten moat, as it oan de de offisier fan justysje leit, in wurkstraf fan 200 oeren en in finzenisstraf fan in healjier ûnder betingst krije. Dêrneist moat hy trochgean mei in behanneling yn Assen, dêr't de man al in skoft mei dwaande is. De man makke ein 2015 yn in stellen BMW it gebiet om nasjonaal park it Drents-Friese Wold ûnfeilich. Hy bruts tolve auto's iepen yn ûnder oare Elslo, Nijeveen en Appelskea. Ek tankte de man seker trije kear sûnder te beteljen. 

As reden sei de Drachtster dat hy graach yn djoere auto's ride mei. Dat hy net yn it besit is fan in rydbewiis koe de man dêrby net tsjinhâlde. Nettsjinsteande falske kentekenplaten op de stellen BMW, koe de plysje him yn febrewaris 2016 lang om let oanhâlde. Tongersdei moast de autokreaker foarkomme. De útspraak is op 17 augustus. 

Trefwurden: 
autokreaker autokreaken
(advertinsje)
(advertinsje)