Albert Heijn hellet 14 soarten aaien út de supermerk

03 aug 2017 - 15:08
Foto: ANP

Albert Heijn hellet by alle supermerken fjirtjin soarten aaien út de skappen fanwege de fipronylproblemen. It giet om in foarsoarchsmaatregel, it betsjut perfoarst net dat de aaien ferkeard binne, sa seit in wurdfierder fan de supermerk.

De aaien dy´t fuorthelle wurde binne de AH Vrije Uitloop aaien, AH bio aaien, de saneamde ´blije kip´-aaien en Kakelgoud 4-granen. Wat de kosten en it omsetferlies fan de weromropaksje binne kin Albert Heijn noch net sizze.

De Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit NVWA warskôge konsuminten earder dizze wike om aaien mei guon koades mei in te heech fipronyl-gehalte net op te iten.

De skea fan de fipronyl-affêre foar plomfeehâlders rint al yn de miljoenen, neffens foarsitter Hennie de Haan fan plomfeehâlders. Wa't foar de skea opdraait is noch net dúdlik. Neffens it ministearje fan Ekonomyske Saken falt jildpine as gefolch fan besmetting mei fipronyl ûnder it bedriuwsrisiko. Ek de fersekering sil nei alle gedachten net útbetelje, omdat de besmetting it gefolch is fan frauduleus hanneljen. Oft de skea ferhelle wurde kin op bestridingsbedriuw ChickFriend is ûnwis.

Trefwurden: 
AH Albert Heijn aaien fipronyl
(advertinsje)
(advertinsje)