PC oer de hiele wrâld besjoen
De finale fan ‘e PC tusken de partoeren Triemstra en Attema waard oer de hiele wrâld besjoen. Dat docht ûnder oare bliken út reaksjes op sosjale media. By de livestream op de Facebookside fan Omrop Fryslân kamen reaksjes binnen út hiel Europa en Noard-Amearika. Sa sei JeanLouis Duhoux “Bulgarije kijkt mee!” en seach Karl Heida “for the first time a match” yn Utah (Amearika). Matisse de Boer koe de spannende finale sjen yn Bishkek, Kirgizië en Pieter Boersma hat yn Johannesburg it partoer Triemstra winnen sjoen.
Ek de keatside op Omropfryslân.nl hat in soad bûtenlânske besikers lutsen. Under oare Yndonezië, Jamaika, Sry Lanka en Nij-Seelân kamen yn de statistiken foar.
Sneon begjint it Skûtsjesilen, ek in sport dy’t tradisjoneel in protte Friezen om utens lûkt. De silerij is ûnder oare live te folgjen fia Facebook en YouTube.