FNP wol opheldering gemeente oer biofergister Koatstertille

03 aug 2017 - 14:16

De gemeenteriedsfraksje fan de FNP yn Achtkarspelen wol ekstra ynformaasje fan it kolleezje oer de plannen foar in biofergister yn Koatstertille. De partij is net tefreden mei de antwurden dy't de wethâlder earder joech yn de riedsgearkomste fan 15 juny.

De FNP easket dat de fragen mei faasje beäntwurde wurde,  dat is binnen sân wurkdagen. Neffens de fraksje is dy haast nedich fanwege de ûnrêst en de soargen yn Koatstertille en omkriten oer de biofergister. De partij wol ûnder oare de meast resinte miljeu-en boufergunning foar it plan sjen. Ek wol de FNP de bou-tekeningen hawwe.

Trefwurden: 
biofergister Koatstertille
(advertinsje)