Auto- en bussebouwer VDL draaide goed healjier

03 aug 2017 - 13:53
Busbouwer VDL op It Hearrenfean

Auto- en bussebouwer VDL tinkt yn 2017 in noch better jier te draaien as yn 2016. Yn dat jier helle it bedriuw in rekôrwinst fan 149 miljoen euro. VDL, mei ûnder oare in fêstiging op It Hearrenfean, makke tongersdei de sifers oer de earste helte fan 2017 bekend. Dêrút docht bliken dat it by de bou fan bussen wat minder giet. Fanwege ynvestearringen yn nije typen bussen is der mei wat ferlies draaid.

Dy bussen wurde ûnder oare op It Hearrenfean makke. Mar by produksje fan de auto's by VDL Nedcar giet it wol goed. It bedriuw ferwachtet mei dêrtroch it jier better ôf te sluten as yn 2016. Troch de groei hat VDL ek geregeld ferlet fan nije meiwurkers. Punt fan soarch is dat it bytiden lestich is om fakminsken te finen foar de ferskate fakatueren, sa lit de direksje witte.

Trefwurden: 
VDL bussebouwer
(Advertinsje)
(Advertinsje)