Kapasiteit fan it nije Teehûs wurdt in stik grutter

03 aug 2017 - 13:49

De nijbou fan it Teehûs yn Grou set meikoarten útein. Tongersdei is it ûntwerp presintearre oan de omwenners. It wurdt in modern gebou mei in soad glês en sink, mar it fertroude reiden tek komt werom. It doel wie ek om de âlde útstrieling yn it nije ûntwerp te fangen. Nij is dat de boppeferdjipping brûkt wurde kin foar in grut dakterras. Ek is der romte foar sealen. Alles bliuwt binnen de kontoeren fan it âlde gebou, wêrtroch't de bouprosedueres net in soad tiid kostje sille.

It restaurant gie yn febrewaris troch brân ferlern. Sûnt april binne útbaters Timo Slump en Marieke Warmerdam aktyf fanút in tydlik, driuwend, restaurant. Eigener Syp Osinga ynvestearret boppe-op it fersekeringsjild ekstra, sadat it wis is dat it nije Teehûs wer tsjientallen jierren foarút kin. Al mei al kin yn fergeliking mei it âlde gebou it dûbele oantal gasten holpen wurde. Doel is om op 1 jannewaris 2018 útein te setten yn it nije gebou.

Trefwurden: 
werbou teehûs Grou
(Advertinsje)
(Advertinsje)