Omrop TIP: It Skûtsjekafee èn de Skûtsjepool binne iepen!

It skûtsjesilen sil dit jier foar it earst ek foarbeskôge wurde op radio yn it saneamde Skûtsjekafee. Hotel Oostergoo yn Grou is de kommende dagen it dekôr fan it Skûtsjekafee. Presintatoaren Gjalt de Jong en Geartsje de Vries sjogge mei âld-skippers, leafhawwers en de skippers fan no foarút op it kampioenskip. De foarbeskôging op de SKS silerij is op tongersdei 3 en freed 4 augustus tusken 18.00 en 19.00 oere live op de radio. Publyk is hjirby wolkom.
Oer twa wiken wurdt it Skûtsjekafee iepene yn Hylpen om foarút te sjen nei de IFKS.

Skûtsjepool

Wurdt it lykas foarich jier de Sneker Pan, wurdt it ien fan de nije skippers of dochs in oar skûtsje dat wint? De echte skûtsjeleafhawwer docht mei oan de Skûtsjepool. Yn de wiken fan de SKS en de IFKS kin elkenien wer alle dagen de nûmers 1, 2 en 3 fan de wedstriid foarsizze. De pool kin fan no ôf ynfolle wurde.
It ynfoljen fan de Skûtsjepool kin fia Omropfryslan.nl/skutsjesilen, oant it 10-minuteskot falt. Nei it startskot kin de foarsizzing foar de folgjende wedstriid ynfold wurde. Alle dagen is der in priis te winnen en foar de bêste foarsizzer leit der in haadpriis te wachtsjen.
Alles oer it skûtsjesilen is te folgjen fia Omropfryslan.nl/skutsjesilen.