Alden Sherida Spitse hawwe de oranjeshirts al oan

03 aug 2017 - 12:09

Se hawwe de oranjeshirts al oan, de âlden fan Sherida Spitse. Har famylje yn Snits is klear foar de heale finale dy't de Oranje Liuwinnen tongersdei spylje op it EK fuotbal foar froulju. Yn it stadion fan FC Twente yn Enschede treffe se dan Ingelân. Heit en mem Spitse binne hoopfol: "Wy hoopje op de finale!"

De âlden fan Spitse sieten by alle wedstriden yn de foarrondes al op de tribune en seagen dêr dat har dochter yn dy wedstriden in belangrike bydrage levere, ûnder oare troch it benutten fan strafskoppen. Mem Spitse Facetimet heel geregeld mei Sherida. Ek binne der nei de wedstriden 'famyljemominten', dêr't heit en mem Spitse hinnegean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)