Blau-alch: Negatyf swimadvys foar De Vleyen op It Amelân

03 aug 2017 - 11:52
Swimme yn De Vleyen wurdt ôfret fanwege blau-alch - Foto: FUMO

Mei yngong fan tongersdei jildt foar rekreaasjegebiet De Vleyen op It Amelân in negatyf swimadvys. Neffens de provinsje Fryslân is fanwege blau-alch yn it wetter de kâns grut op sûnensklachten nei it swimmen. By de mar wurdt dêrom mei buorden oanjûn dat der in negatyf swimadvys jildt.

Ek foar ferskate swimlokaasjes op de fêste wâl jildt noch hieltyd in negatyf swimadvys. Dat is fan tapassing foar it swimplak fan it swim- en surfsintrum fan Balk, foar De Lange Hoek by Ealahuzen, de Jouster Skipsleat en foar Reahel. De warskôging foar swimplak Ulesprong yn de Tsjûkemar is wer ynlutsen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)