Regels binne regels: PC winners ûntbrekke yn Wytmarsum

03 aug 2017 - 11:18
It partoer fan Bauke Triemtra keatst de PC-finale op it Sjûkelân - Foto: Henk Bootsma

Op de haadklassepartij fan no snein yn Wytmarsum kin gjin revâns naam wurde op de winners fan de PC. Bauke Triemstra en syn maten wiene te let mei opjaan. De KNKB is strang op de regels en hat tiisdei fuortendaliks oanjûn dat it partoer en ek dat fan Hans Wassenaar net meikeatse kinne op de Haye Rijpmapartij.

Keatsferiening Pim Mulier fynt it tige spitich dat de winners fan de PC en ek in oar toppartoer net meidogge. Se begripe it stânpunt fan de KNKB wol, mar fine wol dat it publyk en de feriening sa de dupe wurde. Takommend jier organisearret de Wytmarsumer keatsferiening de haadklassepartij op snein yn kombinaasje mei de frouljushaadklassepartij. In tal oare ferieningen dogge dat dit jier ek al.

(Advertinsje)
(Advertinsje)