Hierprizen yn frije sektor 9% omheech

03 aug 2017 - 11:01

De hierprizen yn de frije sektor binne yn Fryslân yn it ôfrûne fearnsjier mei mear as njoggen prosint omheech gien. De trochsneed hierpriis fan in kante meter leit yn Fryslân no op 8 euro 93, wylst dat in kwartaal earder noch 8 euro 78 wie. Yn it noarden leit de hierpriis yn Grinslân it heechst, de priis gie dêr it foarbije kwartaal mei hast 17 prosint omheech.

Dit docht bliken út in ynventarisaasje fan ferhierderswebside Pararius. Dy hat ek berekkene dat de stiging fan de hierprizen yn de Ranestêd foarby is, de ôfrûne moannen wie dy dêr krekt hiel grut.

(Advertinsje)
(Advertinsje)