Koade giel op it waad, “Set de boat en de tinte goed fest!”
It waadgebiet moat rekken hâlde mei swiere wynstjitten. Waarman Jan Jonkman warskôget foar wynkrêft 5 oant 6 op it lân en op it Iselmar krêft 7 oant 8 mei útsjitters nei 9. It KNMI hat foar de waadeilannen koade giel ôfjûn. De warskôging jildt foar tongersdeitemiddei en -jûn.
De warskôging is foaral foar de wettersport bedoeld. Mar net allinnich op it wetter moatte je oppasse, “Ek elkenien dy't op in camping stiet kin lêst ha fan de krêftige wyn.” It advys fan Jonkman is dan ek om alles goed fêst te setten. Ek yn de nacht en freedtemoarn bliuwt de wyn hurd. Dêrnei wurdt it wat rêstiger. Fanwege de ferwachte waarsomstandichheden fart de Waddentaxi freed net tusken Harns en Flylân.