Automobiliste slacht pear kear oer de kop by Readtsjerk

De auto sloech oer de kop en bedarre yn de sleat © AS Media
By in ûngelok yn Readtsjerk is tongersdeitemoarn om acht oere hinne in automobiliste ferwûne rekke. Op de Tuskendammen tusken Readtsjerk en Rinsumageast sloech de bestjoerster troch noch ûnbekende oarsaak ferskate kearen oer de kop.
De frou bedarre úteinlik yn 'e sleat. De traumahelikopter waard oproppen, mar dy hoegde fierder net yn aksje te kommen en waard ôfsein. De frou koe sels út de auto komme. De frou waard mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.